Daam en syn twillingsuske Ferhipke sille mei heit en mem fakânsje hâlde yn Fryslân. Dêr komme de bern ynienen yn in gat yn 'e tiid telâne!
Se libje in skoftke op de terp fan Winaam yn 'e sânde ieu, doe't dêr in kening en keninginne wennen.
De keninginne is har prachtige gouden mantelspjelde, har fibula, kwyt en de twilling hawwe wol in idee wêr't de fibula bedarre is...
In spannend ferhaal foar bern fan 7 oant 10 jier.
Allinne noch te lien by de bibleteek. Ik ha noch in pear boeken lizze dat, ast in sinjearre eksimplaar ha wolst, kinst kontakt opnimme. Priis: EUR 15,00.